Partoer fan Afke Kuipers boekt knappe resultaten
Dêr moat wol by oantekene wurde dat der in “narrow escape” op 5-5 en 6-6 yn de earste omloop oan foarôf gie. Mar dêrnei waard mei goed spel wûn fan it sterke partoer Maaike Wind, Gerieke de Groot en Afke Hylkema. De finale wie mei 5-1 in ôfknapper. De tank wie leech en it wie dan ek goed dat de froulju in wykein frij hienen. Hja gienen der efkes op út foar in koarte fakânsje. Dat die it partoer fan Afke, Ingrid en Bianca fertúten, want se stiennen snein 26 july helder en fris te keatsen. Boppedat hienen se it kopke der goed by en waard der goed neitocht wa de lytse of grutte keatst opslaan soe. Dat mei dizze webmaster graach sjen, neitinke oer wat je dogge. It slagget fansels net altiten, hoe’t je it yn it kopke ha, mar keatse sûnder in idee is as fytse sûnder stjoer. De earste partij waard mei degelik spel frij maklik wûn. De twadde wedstriid tsjin, Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra, de koprinner yn de twadde syklus, waard in thriller. Maaike Joostema is in ritige opslagger dy’t ûnslaanberre ballen ôfwikselt mei flinke ôfswaaiers. Sy begûn izersterk, mar doe’t se de finish op 5-3 en 6-4 binnen hân berik hie, gie it mis. Op 5-3 en 6-6 pleatste Afke in geweldige strûper en dêrnei holp Maaike Joostema de tsjinpartij mei bûtenslaggen oan fiif earsten gelyk. Dochs soe it yn it lêste earst troch boppeslaggen fan it perk Van der Leest/Zeinstra 6-2 yn harren foardiel wurde. Op die stân miste Maaike Joostema twa kear it perk. Mei “alles oan de hang” wie it Ingrid de Haan dy’t de stiif hege bal oer de boppe jage. Yn de finale troffen se, krekt as yn Minnertgea, it partoer fan Maaike Wind. Afke Kuipers begûn wat muoisum en yn no time hie de tsjinstanner in spul foarsprong. Troch goed útslachwurk fan Ingrid en Bianca waard it 2-1 en op 2-1 en 6-6 sloech Afke in skroeier oer de foarline. Se rûnen dêrnei maklik út nei in 3-2 en 6-0 foarsprong. Dochs soe it trije earsten gelyk wurde, mar dêrnei makke de tsjinstanner in grut oantal opslachfouten en wie it samar 5-3. It ein kaam op 5-3 en 6-6 doe’t Afke Hylkema de bal op ‘e nij bûten de krite sloech. Mei dit resultaat stiet it partoer fan Afke op in dielt twadde plak yn it Langhenkelklassemint. Snein 2 augustus falt yn Húzum de beslissing oer de einstân yn dizze syklus. In tredde plak sa as yn de earste syklus kin harren net mear ûntgean, mar de oerwinning fan ôfrune wykein smakket fansels nei mear.
Geplaatst op 28 July 2009